Dodenherdenking en kranslegging 4 mei

RSS feed

Op woensdag 4 mei a.s. werd er in de Nederlands Hervormde Kerk aan de Foarwei in Damwâld een herdenkingsdienst gehouden.

Tijdens deze dienst werd er stilgestaan bij alle mensen die hun leven gaven voor de vrijheid van anderen. Burgemeester Sicko Heldoorn opende de dienst met een toespraak.  Leerlingen van groep 8 van CBS De Bron in Damwâld brachten een lied ten gehore en de vereniging voor dorpsbelangen De Falom leverde een bijdrage in de vorm van een oorlogsverhaal uit de gemeente.

Na de herdenkingsdienst werden 5 kransen en tal van bloemen gelegd bij het gemeentelijk monument aan de Haadwei. Foto's van de herdenkingsdienst en de kranslegging vindt u op onze facebookpagina www.facebook.com/dantumadiel

Hieronder de tekst van de toespraak van burgemeester Sicko Heldoorn.

Frijheid moatte jo hoedzje en noedzje!

Wat goed dat wy meiïnoar 71 jier nei de befrijïing, de Twadde Wraldoarloch noch betinke.
Wat goed ek dat dêr troch ús jeugd sa aktyf oan meidien wurdt. 
Goed dat dêr yn it ûnderwiis sa'n omtinken oan bestege wurdt.
Goed om al dy minsken, dy ’t te lijen hân hawwe as it net oerlibbe hawwe, nea wer te ferjitten.
Goed om al dy minsken yn eare te hâlden dy't wòl yn ferset doarden te kommen.

Mar.....dat is benammen goed as wy dat trochlûke kinne nei hjoed.

As wy winliken leard hawwe fan de lessen fan dat ôfgryslik wrede ferline. Dy perioade wêryn’t minsken mei in oare politike oertsjûging, in oar leauwen, fan in oar ras, fan in oare herkomst as mei in oare taal, gjin frijheid mear hienen.
De besetter, de hearskjende macht, it nazi-bewâld lei dêr it near op (woe dat net hawwe). Minsken mochten net mear tinke, fiele, wêze, wat se sels woenen. Der wie gjin demokrasy en frijheid mear. In oare macht bepaalde jins hiele libben.

Joadske ynwenners fan ús lân waarden "flechtlingen" en koenen gjin kant mear op. Der binne mar inkeld guon fan holpen. De measten net. Hja waarden fernedere, tramtearre (martele) en ferlearen harren libben yn konsintraasjekampen.

Okkerdeis, 7 april, wie de betinking by it monumint aan de Spoarloane yn Feanwâlden. Dat is der kommen ta oantinken oan 5 ynwenners, dy't troch oarlochshannelingen harren libben ferlern hawwe. It waard op priemmen set troch de Theun de Vriesskoalle en CBS De Frissel. In skoandere, respektfolle gearkomste mei bydragen en in grutte belutsenens fan de learlingen fan beide skoallen.

Nei ôfrin fertelde de hear Van Vliet út Harns oer de wize wêrop't hy yn Amsterdam as joadske poppe út hannen fan de nazi's bleaun is. 
Doe't hy noch mar 5 moanne âld wie, waard Van Vliet syn heit oppakt en ôffierd nei it ferneatigingskamp Auswitsch. Minsken fan it ferset hawwe harren doe oer him as lytse poppe ûntferme en nei tal fan omswevings troch it hiele lân is hy by eintsjebeslút by de famylje Van Vliet yn Snits ûnderbrocht. Dizze minsken hawwe him opfongen en grutbrocht as wie it harren eigen bern. Hja hawwe him adoptearre en sa hat hy harren achternamme krigen. Syn “echte” heit en mem binne beide omkommen yn Auswitsch. Wat mei hy bliid wêze dat der doe yn ‘e oarloch minsken wiene dy’t harren wòl bekroade hawwe om flechtlingen. Dy’t in lytse poppe mei gefaar foar eigen libben op ‘e noed nommen en rêden hawwe. 

It kaam folle faker foar dat Joadske flechtlingen net holpen binne, dat de grinzen foar harren sluten waarden. In hiel tragysk foarbyld is de lange zwerftocht fan it skip St. Louis. Yn 1939 stuts de boat ôf mei oan board wol tûzen Joadske opfarrenden Hja sochten nei in lân dat harren asyl en in takomst jaan koe, bûten de klauwen fan it fijannige nazirezjym. Cuba wegere harren. Amearika ek en dêrnei Kanada, Paraguay, Colombia en Argentinië. Hja moasten werom nei Europa. Mear as 250 fan harren hawwe de oarloch net oerlibbe. 

Noch altiten hawwe wy yn ’e wrâld, lykas yn ’e Twadde Wrâldoarloch, te krijen mei wrede en autoritêre groepen, dy’t harrren skuldich meitsje oan oanslaggen, martelings, slavernij en massamoard. Op dit stuit binne der sechtich miljoen minsken op ien as oare wize op’e flecht. Foar it earst sûnt de Twadde Wraldkriich sit it tal flechtlingen wer boppe de 50 miljoen! 

Jo kinne it jo suver net foarstelle.

Wy kinne it net mear meitsje dat wy oarlogen en geweld earne oars yn ’e wrâld feroardiele en ferspije. Grutte kloften flechtlingen komme nei ús lân. It is ús plicht dizze minsken beskêrming en opfang te bieden. De gemeenteried fan Dantumadiel moat en wol ek harren ferantwurdlikens foar de opfang fan flechtlingen nimme. Der wurdt socht nei in foar alle partijen gaadlike lokaasje. In earste lokaasje, yn Feanwâlden, is ôffallen. Dat wie omdat men it plak sawol foar de omwenjenden as de flechtlingen net gaadlik genôch fûn, der wienen wat dat oanbelanget tefolle tûkelteammen. 

Mar it is net trochgien omdat men hjir yn Dantumadiel gjin flechtlingen hawwe wol. En ek net omdat men flechtlingen minne minsken fynt mei minne bedoelings en in ferkearde godstsjinst. It seit himsels dat de opfang fan minsken út oarlogsgebieten in protte soarch freget. Minsken komme út in hiele oare wrâld en hawwe gauris ôfgryslike dingen meimakke. 

Jo hoege de sitewaasje net moaier te kleurjen as it is. Mar flechtlingen net opfange wolle en ôfskilderje as in grut gefaar foar ús eigen libben en wolwêzen….

DAT NEA WER!