Soad belangstelling foar kursus Frysk

RSS feed

Sneon 17 novimber joech wethâlder Pytsje de Graaf yn it doarpshûs yn Easternijtsjerk it startskot foar in workshop Frysk  foar redaksjeleden fan doarpskranten en doarpswebsiden. Dizze workshop  wurdt oanbean troch DDFK-gemeenten. 

De workshop wurdt jûn troch de Afûk en is bedoeld om ynspiraasje op te dwaan oer en foar it brûken fan it Frysk. Wethâlder Pytsje de Graaf:  ‘In soad ynwenners fan ús gemeenten hawwe it Frysk as memmetaal. Foar harren foarmet it Frysk in wichtich part fan harren identiteit. As gemeenten wolle wy dêrom alle war dwaan om de Fryske taal yn ús gebiet te behâlden en  fuort te sterkjen.’ 

Der is in soad entûsjasme by redaksjeleden en dêrom wurde der 2 workshops hâlden.  De twadde workshop is op 26 novimber yn it doarpshûs fan Aldwâld. Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân jout dan it startskot.