t Flinterke sertifisearre as “pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling"

RSS feed

Op tongersdei 4 septimber krige Kristlik Pjutteboartersplak ‘t Flinterke fan De Westereen it sertifikaat “pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling”. Wethâlder Gerben Wiersma fan Dantumadiel hat it sertifikaat oan eigner Froukje de Wilde oerlange.

It boartersplak wurket sûnt juny 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe it trajekt no ôfrûne en it sertifikaat behelle. Omdat ‘t Flinterke trije jier bestiet is it dûbelt feest. Der wie in feestprogram foar de bern, mei sminken en de Tomke-foarstelling ‘De Hutselfrutsel’ fan Riemkje Pitstra en Jetske Miedema. 

Provinsjale ûnderwiisbelied:

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 160 en is noch altyd groeiende.

 

Pjutteboartersplak ‘t Flinterke

Pjutteboartersplak ‘t Flinterke  is it achtste plak yn Dantumadiel dat mei in twatalich belied wurket. De gemeente stimulearret de trochgeande learline op it mêd fan meartaligens. Yn De Westereen wurkje de liedster en frijwillichsters neffens it prinsipe “ien persoan, ien taal”.  Dat hâldt yn dat elk konsekwint ien fêste taal praat. Op ‘t Flinterke sjocht it der as folget út: Froukje en de frijwillichsters biede konsekwint it Frysk oan. It Nederlânsk wurdt oanbean yn aktiviteiten lykas foarlêzen, sjongen en rôlespultsjes. 

De fisitaasjekommisje skriuwt yn harren rapport it folgjende:  “Froukje en har frijwillichster soargje foar in taalrike omjouwing dy’t oanslút by de belibbingswrâld fan de bern en útnoeget ta aktiviteiten.  Dizze moarn ha wy in liedster oan it wurk sjoen (mei har frijwillichster) dy’t mei in soad nocht en wille har wurk docht. De romte is fleurich en útnoegjend ynrjochte foar de pjutten. Der is in soad materiaal dêr’t goed oer neitocht is.Froukje hâldt har oan de ôfspraken oangeande it taalbelied. Dat belied strielet ek nei bûten út.” 

Sertifisearring:

Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.

It taalbelied hat as doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek ta goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei de twadde taal.