Veel aanwezigen bij dodenherdenking Dantumadiel

RSS feed

Op maandag 4 mei a.s. werd in de Nederlands Hervormde Kerk  in Damwâld een herdenkingsdienst gehouden.

Tijdens deze dienst werder stilgestaan bij alle mensen die hun leven gaven voor de vrijheid van anderen. Burgemeester Sicko Heldoorn gaf een toespraak en er waren bijdragen van leerlingen van CNS Wâlterswâld en CBS de Wel, Broeksterwâld. Violiste Nienke Jansen speelde 'The green fields of France', een eerbetoon aan alle gesneuvelde soldaten op de slagvelden in Frankrijk tijdens de Eerste Wereldoorlog. Na de herdenkingsdienst speelde Ria de Ruiter de Last Post en werden kransen en bloemen gelegd bij het gemeentelijk monument aan de Haadwei.

Foto's van de herdenking kunt u vinden op onze facebookpagina www.facebook.com/dantumadiel

Hieronder de volledige toespraak van burgemeester Sicko Heldoorn.

WA 'T DE EAGEN SLÚT FOAR DE SKIEDNIS IS BLYN FOAR DE TAKOMST

70 jier lyn befrijden Kanadezen ús provinsje en gemeente. Op 14 april 1945 waard Dantumadiel befrijd, op 15 april wie de hiele provinsje Fryslân frij. Nederlân is op 5 maaie 1945 befrijd wurden.

Fia de alliearde stjoerder, dêr’t de minsken stikem nei harken, klonk op de 8e april dêroan foarôfgeand de koadeboadskip “De fles is leeg”. Dat wie it teken dat de gealliearden sa tichteby kamen dat it ferset, de “Binnenlandse Strijdkrachten”, úteinsette koe mei de sabotaazje-aksjes tsjin de besetter. 

Dit jier mocht ik te gast wêze op twa basisskoallen yn ús gemeente, om mei de bern oer de oarloch te praten.

Yn Feanwâlden, op de Theun de Vries-skoalle, neamd nei de skriuwer dy't geweldige romans oer de oarloch skreaun hat, spruts ik mei de bern oer de befrijing fan harren eigen doarp, Feanwâlden.

De minsken wienen dy deis, 14 april 1945, fansels út ‘e skroeven fan blidens doe’t de Kanadezen troch it doarp lutsen. Dêrmei kaam der in ein oan 5 jier fan ûnderdrukking. Mar it wienen tagelyk ek hiele nuodlike dagen. Wylst de minsken al yn’e feeststimming rekken, wienen der noch gefjochten geande tusken it ferset, dat wienen de Binnenlandse Strijdkrachten, en de Dútsers. Guon Dútsers en lângenoaten dy’t it mei de Dútsers hâlden sloegen op ‘e flecht en skeaten dan gauris yn it wylde wei om harren hinne. By sokke gefjochten is de Feanwâldster Tjalling Talma noch deadlik ferwûne rekke.

Der waard yn dy lêste dagen ek noch wraak nommen op fersetsminsken. Sa waard in oare ynwenner fan ús gemeente, Ruurd Kooistra út Walterswâld, op 11 april 1945, mei 13 oaren yn Dronryp fusillearre, deasketten troch de Dútsers, omdat er mei it ferset in oanslach pleechd hie op op it spoar.

Mei de bern fan de CNS Wâlterswâld prate ik oer de begjintiid fan de oarloch. Fan 10 maaie oant 14 maaie hat it Nederlânske leger noch ferset bean tjin de ynfallende Dútsers. Op oanstean fan it Nederlânske leger, binne de diken fan de Swemmer trochstutsen. De polders kaam ûnder wetter te stean. Doel wie om sa de Dútsers tsjin te hâlden. It wie om ‘e nocht. Doe’t Rotterdam op 14 maaie bombardearre waard en de Dútsers drigen dat oare grutte stêden folchje soenen, moast it Nederlânske leger kapituleare.Wy hawwe it ek hân oer dy moedige boer út Wâlterswâld, Wietse de Vries. Mei syn hûshalding mei jonge bern joech hy op syn pleats oan tal fan ûnderdûkers in skûlplak en de wapens fan it ferset binne der ek ferside hâlden. In libbensgefaarlik ûndernimmen.

Ik wie ûnder de yndruk fan de interesse en belutsenens fan de bern by dy oarlochsferhalen út harren eigen omkriten. Hja binne fan in leeftiid dat allinich harren oerpakes en -beppes de oarloch noch bewust meimakke hawwe. It bliuwt dêrom fan wêzentlik belang dat wy de twadde wrâldoarloch ek al is dat 70 jier lyn, betinken bliuwe. De ûnfoarstelbere wreedheden dy’t begien binne troch it totalitêre, fasistyske nazirezjym meie wy nea ferjitte.Omdat der noait wer in werhelling komt fan sokke wreedheden. Wa't de eagen slút foar de skiednis is blyn foar de takomst.

Op tal fan plakken yn'e wrâld wurde lykwols noch wreedheden begien dy't fergelykber binne mei dy fan de Nazi's doetiids. It tal misdieden tsjin de minskheid liket nea wer op te hâlden.

Unthoofdingen, martelje, folkerenmoard, tûzenen minsken dy’t fersûpe omdat se yn breklike boatsjes der alles foar oer hawwe om frijheid te sykjen. It liket krekt as giet der net in dei foarby dat wy sokke dramatyske bylden op it Journaal foarby kommen sjogge. It draait der altiten wer op út dat de iene minske de oare minske net tastiet om oars to wêzen, of der in oare politike miening op nei te hâlden as dy’t hja der sels op nei hâlde. In oare politike oerstsjûging, in oar leauwen, in oar ras, in oare herkomst, in oare seksuele geaardheid, in oare taal. It draait altiten wer om macht. Macht oer in oar. De frijheid dy’t men as groep, lân, krite, befolking, partij, persoan hawwe wol giet sa altiten ten koste fan de frijheid fan in oar. Yn soksoarte sitewaasjes prate minsken net mear mei elkoar,  harkje net mear nei elkoar om arguminten út te wikseljen. Hja moatte en sille harren gelyk hawwe en dyjingen dy’t der in oare miening op nei hâlde, moatte it dan ûntjilde. Wat dat oanbelanget hat de minskheid yn dy 70 jier neat leard.

In ús lân hawwe wy in geweldich systeem. Wy neame dat demokrasy. De boargers kieze folksfertsjinwurdigers (riedsleden, steateleden, keamerleden) en dy kieze bestjoerders (wethâlders, deputearren en ministers). Yn ’e fergadering fan folksfertsjinwurdigers wurde arguminten foar en tsjin útwiksele en dêrnei wurdt der stimd. Sa is fuort dúdlik wat it stânpunt fan de mearderheid is. In systeem der’t noch noait wat betters foar betocht is. It ûnderút helje wollen fan dit systeem is tekenjend foar al dy rezjimes dy’t regeare mei geweld. It fassisme foarop. Aksepteare kinne dat jo net altiten gelyk krije, as persoan, as organisaasje en as partij, is it wêzen fan ús demokrasy. It is de garânsje foar frijheid.

De demokrasy ferdedigje en oerein hâlde binne wy ferplichte as earbetoan oan al dy minsken dy’t wy hjoed betinke. Betinke yn alle frijheid. In frijheid dy’t wy  trochjaan moatte.