Frysk yn it ûnderwiis

Meartalich opgroeien is in wichtich elemint yn de berne(taal)ûntwikkeling en de gemeente wol dat graach stimulearje en fasilitearje. Der is omtinken foar meartaligens by de fertikale oerdracht, dus tusken foarskoalsk, primêr en fuortset ûnderwiis. By de trochgeande line is der net allinnich omtinken foar de yndividuele bern, mar ek foar de wize fan oanbieden fan taal en de oergong tusken de skoallen.

Foarskoalsk ûnderwiis

Wy stribje der nei dat alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn ús gemeente yn de takomst sertifisearre binne as twatalich.

SFBO

It Sintrum Frysktalige Berne-Opfang (SFBO) helpt bernesintra yn de gemeente by it stal jaan oan in taalrike omjouwing foar de bern. Der wurdt konsekwint mei de talen omgien: ien-persoan-ien-taal. Alden wurde dêr fansels yn behelle. It SFBO jout ynformaasje en hâldt âlderjûnen oer meartaligens en it belang fan taalbelied en taaloanbod.

Tomke-projekt

Us gemeente nimt al jierren diel oan it Tomke-projekt. Dat projekt wol âlden en liedsters fan pjutten ynformearje oer it brûken fan taal yn 'e omgong mei jonge bern. In wichtige opdracht foar it Tomke-projekt is it ûntwikkeljen en oanbieden fan Frysktalich materiaal dat yn in meartalige foarskoalske omjouwing brûkt wurde kin. Oer it generaal hawwe pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen net in soad middels foar materiaal en (by)skoalling as it giet om de Fryske taalomjouwing. It Tomke-projekt foarsjocht dêryn. De ferskillende produkten, lykas it Tomke-boekje, de tv-aventoeren en de Tomke-webside, binne ynhâldlik opinoar ôfstimd. Fierder wurde der alle jierren Tomke-ynspiraasjejûnen organisearre foar liedsters, meiwurkers en oare professionals dy't harren dwaande hâlde mei it jonge bern, binne der Tomke-nijsbrieven en is der in Tomke-webside.

Hjirre fine jo it oersjoch fan de twatalige pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn de gemeente.

Primêr ûnderwiis

De gemeente stipet de basisskoallen om yn harren skoalleplannen taal en taalbelied in dúdlik plak te jaan. Fierder stimulearje wy basisskoallen om in trajekt op te starten om in trijetalige skoalle te wurden. Skoallen slúte sa oan by de doelstellingen fan gemeenten en provinsje om de meartalige situaasje yn Fryslân bewust yn te setten foar it fersterkjen fan it ûnderwiis. Foar de skoallen is it dúdlik dat it in pree is as sy sertifisearre binne en dat de gemeente harren wêr mooglik stipet yn it sertifisearringstrajekt

Hjirre fine jo it oersjoch fan de trijetalige basisskoallen yn de gemeente.

Fuortset ûnderwiis

De gemeente stimulearret skoallen foar fuortset ûnderwiis om yn harren skoalleplannen in paragraaf op te nimmen oer it taalbelied, sadat dúdlik wurdt hokker plak it Frysk en meartaligens yn de skoalle hat en mooglik krije sil. It jout oan dat skoallen bewust dwaande binne mei de taalûntjouwing fan de learlingen en jout de âlden ynsjoch yn de wurkwize fan de skoallen. De skoallen krije de suggestje om it trajekt nei in folweardich taalbelied op te setten yn de mande mei it Sintrum Meartaligens fan Cedin en it lektoraat Taalgebruik & Leren fan de NHL.

Underwiis foar folwoeksenen

De Afûk organisearret alle jierren kursussen Frysk. Dat binne bygelyks de kursussen 'Lear mar Frysk', 'Praat mar Frysk' en 'Skriuw mar Frysk'. De gemeente subsidiearret dizze kursussen. Ek wurde der workshops organisearre foar de  redaksjes fan de ferskate doarpskranten en fan doarpswebsiden.