Belangrijke notificatie

U kunt alleen nog op afspraak langskomen in het gemeentehuis in Damwâld. Meer informatie over het maken van een afspraak vindt u op de Contact pagina. 

Taspraak boargemaster oan de ried

"Bêste riedsleden, oanwêzigen en eltsenien dy’t mei ús ferbûn is troch de live stream, 

Foardat wy útein sette mei de begruttingsgearkomste wol ik as boargemaster fan Dantumadiel graach in pear wurden sizze oer de koroana-tastân hjir yn Dantumadiel.

Wy wiene sa moai ûnderweis (op gleed). De sifers fan de koroanabesmettingen wiene leech. Der kaam wer mear romte en dêr seagen wy allegear wakker nei út. Elkoar wer treffe. Stapke foar stapke wer werom nei it ‘normale’ (gewoane) libben. Oant rûchwei trije wike lyn it tal besmettingen wer rap omheech gie. Op dit stuit kleuret ús gemeente djip pears op de lanlike koroanakaart. En dat is net in goed teken. En dêr meitsje ik my as boargemaster grutte soargen oer.

Wy wurde alle wiken en bytiden alle dagen, bypraat troch de GGD en de Veiligheidsregio Fryslân. En dêr beprate wy wat wy kinne en dwaan moatte om dy hege besmettingsifers omleech te krijen. Der binne al ferskate maatregels troffen, lykas it opsetten fan tydlike testlokaasjes en it riden mei faksinaasjebussen. Boppedat wurde der op dit stuit saneamde ‘pop up’ faksinaasjeromtes ynrjochte.

Op dizze wize wol ik alle ynwenners dy’t, op hokker wize dan ek, op ’t heden in spannende tiid trochmeitsje fanwege besmettingen of sykte troch korona yn ‘e eigen húshâlding, de famyljerûnte, by freonen of kunde, de kommende tiid in soad sterkte en krêft tawinskje. Ik haw in soad wurdearring en bewûndering foar minsken dy’t yn ‘e soarch wurkje. Dy’t no op harren teannen rinne moatte en sa harren bêst dogge om safolle mooglik en sa goed mooglike soarch te ferlienen.

Bêste minsken. Wy binne der noch net. Dêrom doch ik nochris de oprop om jin faksineare te litten want de sifers toane oan dat dàt it koartste paad is om hjirút te reitsjen. Wannear’t jo dêr noch net foar keazen hawwe, dan freegje ik jo mei klam: tink der noch ris goed oer nei om in faksinaasje te nimmen. Omdat jo sûnens en de sûnens fan jo neisten my nei oan it hert giet. Al wit ik ek dat in part fan ús ynwenners om prinsipiële redenen hjir net foar kiest. Dat respektearje ik.

Mar ek: jou elkoar de romte. Ik bedoel hjirmei, hâld ôfstân en hâld jin oan de foarskreaune maatregels. Lykas teste, ek by lichte klachten. Mar jou elkoar ek figuerlik alle romte. Wy sjogge in ús maatskippij dat der bytiden wakker ûngelikens op reageard wurdt. Jou elkoar hjirfoar ek de romte. It karakter fan ús Mienskip is: dat wy der júst foar elkoar binne as it ús tsjinwierret. Dit is net wat fan froeger, mar júst ek yn dizze tiid en fan alle dagen. Wat soe it spitich wêze dat der noch mear twaspjalt komt, krekt no’t wy dizze foarm fan omtinken foar elkoar (mei in deftich wurd: ‘sociale cohesie’) sa nedich hawwe.

Hâld dêrom rekken mei-elkoar en tink in bytsje om elkoar. Wy sille dit mei-inoar dwaan moatte!"

Klaas Agricola 1/11/21