Boargemaster
Wa wurdt ús nije boargemaster?
Oan it begjin fan dit jier is de syktocht nei in nije boargemaster utein set. De ferwachting wie dat de kommissaris fan de Kening ús nije boargemaster ein dit jier beëinigje soe. Dy planning is feroare.
Der hawwe net genôch geskikte kandidaten reagearre op de fakatuere. Dêrom hat kommissaris fan de Kening Arno Brok yn oerlis mei de fertrouwenskommisje besletten om de proseduere stil te lizzen. Nei de gemeenteriedsferkiezingen fan 18 maart 2026 wurdt de fakatuere op 'e nij iepensteld. Op dit stuit is Anja Haga waarnimmend boargemaster. Sy bliuwt in jier langer oan, oant der in kroanbeneamde boargemaster fûn is.